FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
13/01/2020

It grutte swijen

De nieuwe voorstelling, april 2020

Wat was het een groot succes, de voorstelling de Bûsedokter die november vorig jaar in Koudum op de planken, of nou ja, in de Kas van FleurigBuiten werd uitgevoerd. Heel veel mensen hebben kunnen genieten van deze humorvolle voorstelling die je toch ook weer aan het denken zet. Dank aan allen die ervoor gezorgd hebben dat dit een groot succes werd!

En we gaan door! De volgende voorstelling komt al sneller dan jullie normaal van ons gewend zijn. “It grutte swijen” zal worden gespeeld in april 2020 en neemt ons mee terug naar Koudum in de Tweede Wereldoorlog:

Op 17 novimber 1944 binne de 22 jierrige Piebe Hoekema út Koudum en Freek de Jong út De Hommerts/Arum, yn Norg deasketten troch twa Dútske offisieren. Erik Dijkstra hat dit trelit opnommen yn syn boek: Spitten voor de vrijheid; het verhaal van strafkamp Yde en de tewerkstelling in Drenthe. De dea fan Piebe hie yn it doarp Koudum skokkende gefolgen. Sa binne der twa ûnderdûkers, jongkeardels, as ferrieders ûntmaskere en deasjitten troch it ferset. De belutsenen beloofden elkoar om der noait wer oer te praten, mei gjinien. Troch jierren lang ûndersyk yn argiven en gesprekken mei minsken dy’t der miskien wol mear fan witte koenen, hat Jan de Vries yn kaart brocht wat der bard wêze kin yn Koudum yn de winter fan 1944-1945. Dit hat hy ferwurke yn in manuskript.

Ytsje Hettinga hat op grûn fan it manuskript monologen skreaun; sy lit de mem en de suster fan Piebe oan it wurd en de mem fan Arend Klee, ien fan de ombrochte ferrieders. We komme yn de kunde mei de karakters en maatskiplike posysje fan Piebe Hoekema en Arend Klee en harren famyljes. Sa wurdt dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweech brocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters.

It ferhaal hâldt net op by de befrijing, 75 jier lyn, mar giet troch. Ferhalen, yn wat doarp dan ek, gean troch en litte sjen wat it docht mei in hechte mienskip wannear’t der net langer praten wurdt oer slim yngripende gebeurtenissen yn de oarloch. De tema’s goed en fout yn de oarloch, mar ek nei oarloch, komme yn dit stik oan de oarder.

It wurdt yntiem húskeamerteater yn de buert dêr’t de famylje Hoekema wenne hat. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes laat dêr’t de monologen plak fine. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal troch Jan de Vries, en syn befiningen, komt it publyk gear op ien lokaasje.

Kaartverkoop start begin maart 2020.

Meer nieuws Alle tweets van Sult op Twitter