FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
Poster

1995  Mei sletten doarren

SARTRE YN STARUMIt stikSpilers en meiwurkers

in unyk teaterprojekt yn ‘e iepen loft. Earst wie der it stik. Doe in studint fan de Hegeskoalle foar de Keunsten te Utert. Foar it ôfstudearjen oan de fakulteit Téater moast hy in toanielstik regissearje. De kar foel op ‘Huis Clos’ van Sartre. Dêrnei kaam it idee fan ‘e lokaasje. Der waard praat mei in dramaturch. In saaklik lieder sei syn stipe ta. ‘Huis Clos’ waard ‘MEI SLETTEN DOARREN”.

Dat wie it begjin fan ‘Sartre yn Starum’, mar noch net ûnder de flagge fan SULT. Dizze foarstelling smakke nei mear en in jier letter wie SULT, Súdwesthoeke Lokaasje Teater oprjochte en spielen se hun earste foarstelling Serenade.

‘smyt alle smoargens óf
en wês net as ien
dy’t yn ‘e spegel sjocht
en fuort dernei fergetten is
hoe as er der útseach


‘Mei sletten doarren’ spilet him ôf yn ‘e hel. Dit is net de hel weroer fanút de kristlike lear praat wurdt. It is in hel mei de oare-minske. Garcin, Ines en Estelle binne der ta feroardield om elkoar foar ivich selskip te hâlden. Der is gjin útwei. De doar sit foargoed ticht.

Yn it begjin probearret elts him of har fan de bêste kant sjen te litten. Al ridlik gau slagget dit net mear. It begiet mei in bytsje pleagjen. Mar dit duorret net lang. It pleagjen feroaret yn tsieren. It tsieren yn striden. En dêrby komt alle smoargens fan elkenien nei boppen.

Rolferdieling
Garcin Mindert Wijnstra
Ines Ytsje Hettinga
Estelle Joke Tromp
Húsfeint Walter vd Meer

Regy en tonielbyld Pieter Stellingwerf
Oersetting Klaas Bruinsma
Saaklike lieding Ynte Kooistra


Friese Tonielkrante
Leeuwarder Courant recensie