Oer Sult /
Sûnt jannewaris 1996 wurkje in tal toanielleafhawwers gear. It útgongspunt fan dizze groep is om de teaterkultuer yn’e Súdwesthoeke fan Fryslân posityf te beynfloedzjen. Hjir is Teatergroep SULT út ûntstien. Teatergroep SULT stelt har ta ‘n doel om alle jierren ien of mear teaterproduksjes te meitsjen op ferskillende lokaasjes yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. It giet hjirby om amateurproduksjes, dy’t mei profesjonele help ta stân komme.
By it meitsjen fan de foarstelling is it útgongspunt om safolle mooglik minsken út de omkriten by de produksje te belûken. Op dy manier wol Teatergroep SULT in breed draachflak kreëarje foar har aktiviteiten. De ôfrûne jieren hat Teatergroep SULT tige nijsgjirrige produksjes makke. De lokaasje dêr ‘t spile waard, wie tige wichtich. De histoaryske foarstellings binne te besjen yn ús argyf fan de foarstellingen.