FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
23/11/2023

De lêste siden foar it boek

Wiene jo foar Corona Freon fan Sult en hawwe jo it boek noch net? Stjoer ek as je net seker binne of ‘t je Freon binne, in mailtsje nei info@teatergroepsult.nl. Fierder is it boek te keap foar € 27,50 plus eventueel € 7,00 ferstjoerskosten, ek troch in mail nei boppesteande adres.

Achter yn it jubileumboek fan SULT binne in tal siden leech bleaun. Dêr moast fansels it ferhaal fan de lêste foarstelling Tiid fan libjen komme. Begjin dit jier, doe ‘t we mei it boek dwaande wiene, koene dy siden fansels noch net makke wurde.

We betochten dat we dizze siden as PDF meitsje soene en op de webside sette. As jo de PDF printsje, op maat knippe en ynplakke, hawwe jo 27 jier SULT pas echt hielendal kompleet yn it boek.

It bestân kinne jo hjir downloade. Iepenje it bestân Laatste_paginas_boek_SULT.pdf yn Adobe Acrobat Reader. It bestân is sa makke dat je it op elke A4-printer ôfdrukke kinne. Klik op it printer-ikoan, Klik ûnder “Pagina vergroten … ensf.” op “Grootte”. Kies “Ware Grootte”, want oars passe de stikjes net goed yn de fakjes. Dat giet net op foar de twa grutte foto’s, dy binne no A4-formaat en dat soe grutter wêze moatte.

Besjoch in plaatsje fan de print-ynstellingen fan Adobe Reader hjirûnder of fia dizze link.

Printe, knippe/snije en plakke mar!

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter