It ein
Op sneon 9 septimber liet SULT foar de lêste kear it doek sakje, diene we definityf de ljochten út.
Us foarsitter Roelof Foppa skreau yn it programmaboekje oer 27 jier SULT en it beëinigjen it folgjende:
De tiid fan SULT
Der wie in tiid doe’t SULT der noch net wie, doe’t lokaasjeteater noch betocht wurde moast en it teaterlânskip yn Súdwest Fryslân skraal wie. SULT hat dêr foar altyd feroaring yn brocht, dêr’t we no en yn de takomst profyt fan hawwe.
Wat binne der yn sânentweintich jier SULT in grut tal unike en bysûndere teaterstikken mei-elkoar makke, yntinse mominten mei-inoar belibbe, nije ynsichten foarme en freonskippen begûn. It is dan ek bysûnder dat it foar SULT no ophâldt. Hjir is net sêftsinnich mei omgien, de ôfrûne tsien jier is der gauris praten en neitocht oer hokker kant it op moast. Mar wêr’t wat begjint, sil ek wer ris in kear wat ophâlde, krektlyk as it libben. De moaie oantinkens bliuwe. En wa wit, kin dat ek wer ynspiraasje jaan foar nij libben.
Ut it bestjoer wei wolle wy eltsenien bedanke foar dizze bysûndere tiid; spilers, produksje, regy, frijwilligers en alle belutsenen by de omballings, mar fansels ek de freonen en jimme as publyk. Eltsenien hat him of har der altyd tige foar ynsetten om elke produksje wer ta in echt SULTstik te meitsjen en dat is altyd slagge! Noch ien kear genietsje fan “Tiid fan libjen” en dan is it oan de takomst. Sânentweintich jier SULT, dat sil foar altyd sa bliuwe!
Roelof Fopma Foarsitter fan SULT
Ein oktober krije jim ús lêste nijsbrief mei in link om de lêste siden foar it boek oer SULT te downloaden. En dan mar knippe en plakke.