FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
20/08/2023

Op&Ut oer 'Tiid fan libjen'

Op sneontemoarn 19 augustus wiene Ytsje Hettinga, Jan Eekma en Bart van der Wal te gast by Omrop Fryslân yn it programma Op&Ut. Yn dit útgeans - en kultuerprogramma kinne je alle sneontemoarnen te witten komme, wat der de kommende tiid yn Fryslân op dat mêd te gebeuren stiet.

Ytsje, Jan en Bart fertelle hjir it ien en oar oer ús lêste foarstelling. As je benijd binne wêr ‘t ús lêste foarstelling oer giet, harkje hjir dan wat se dêr oer fertelle kinne.

It hiele ferhaal, wêr ‘t se ek oer de skiednis fan SULT fertelle, is hjir by Omrop Fryslân te beharkjen. It item oer teatergroep SULT set útein op 2:38:50.

Foar alle acht jûnen binne op dit stuit noch kaarten te bestellen op ús webside.

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter