09/08/2023
De klaaiing
Se hat al earder foar Sult de klaaiïng ûntwurpen. De prachtige kleurige kostúms fan Krang, yn Nijhuizum, of noch folle kleuriger klean mei útwrydske prûken by de Held en syn sokken yn Hylpen. By Redbad op it Súderstrân yn Starum hie se ek al sokke bysûndere, fleurige klean foar alle spilers en sjongers makke. We hawwe it fansels oer Dianne Bonnema.
De kostúms kinne we noch net sjen litte mar Dianne hat foardat se oan de gong gie mei it meitsjen, in oantal sketsen makke. Hoe as de spilers der straks echt út sjen sille? As de generale repetysje west hat, lichte we it tipke fan de sluier noch wat fierder op. Fia ûndersteande link binne de viif mood boards te besjen.