FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
04/08/2023

Sult brekt tinte ôf neffens LC

Yn de Ljouwerter Krante fan hjoed, freed 4 augustus stiet in wiidweidich ferhaal oer SULT, omdat we der mei útskaaie. Yn it stik lêze jo oer de skiednis fanôf de oprjochting no 27 jier lyn, oant no ta. It giet oer de bysûnder foarstellingen op nog bysûnderder plakken bytiden, de oprjochters, de spilers en noch folle mear.

Fansels giet it ek oer de foarstelling “Tiid fan libjen” dy ‘t ein dizze moanne al yn premjêre giet. Dit wurdt ús lêste foarstelling mar ek in teatraal ôfskied.

It artikel kin hjir as PDF iepen wurde op ús webside. Mar as jo abonnee binne fan de Ljouwerter Krante, kin jo nei ynloggen it artikel online by de Ljouwerter Krante lêze.

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter