FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
25/06/2023

Ôftraap

Ofrûne sneon hawwe de spilers fan Tiid fan libjen foar it earst repetearre op it plak dêr ‘t de foarstelling aanst spile wurde sil.

Nei ôfrin ha we hjir mei de spilers en alle oare meiwurkers, lykas muzikanten, sjongers, kleanûntwerpster, de bou - en pr-ploech de offisjele ôftraap fan dizze lêste foarstelling fan SULT dien. Pieter fertelde oer ’ Tiid fan libjen ‘, Dianne liet de foarstúdzjes fan de klean sjen en Bart liet syn komponearre muzyk hearre. Yn in folgjend berjocht mear oer klean en muzyk.

De kommende tiid wurkje we fierder om it stik ûnder de knibbel te krijen. Wy hawwe der sin oan!

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter