FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
22/08/2021

Foarstelling 'It grutte swijen' ôfsein

Ferline jier soene we útkomme mei de foarstelling ‘It grutte swijen’, in aktiviteit yn it kader fan 75 jier befrijing. Troch it Koronafirus koe dat yn foarjier 2020 net troch gean. Der waard besletten om de foarstelling in jier op te skowen. Ek dat plan slagge net, troch it firus dat ús allegearre noch yn de greep hat. Oktober 2021 wie it nije plan.

Mei grutte spyt moatte we jimme no melde dat ek dit net trochgean sil. De lokaasjes dêr’t spile wurde soe, wiene keazen, just omdat se lyts en smûk binne. Sa ticht op inoar sitte, ek al binne der grif in protte minsken faksineare, liket ús net ferstannich en kin yn de hjerst, mei de dan jildende regels grif ek net.

Dit betsjut konkreet dat de foarstelling definityf net troch giet. De minsken dy’t kaarten keape ha, krigen al berjocht fan ús en it jild wurdt ynkoarten op hun rekken werom stoarten.

We rjochtsje ús no op ús jubileumproduksje, 25 jier SULT. Dizze foarstelling sil takommene septimber 2022 plak fine. Hooplik ûnder bettere omstannichheden.

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter