FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
30/03/2021

It Grutte Sweijen nei oktober 2021

Nei de lêste parsekonferinsjes is it dúdlik dat we spitigernôch ‘It grutte swijen’ op ‘e nij fersette moatte. Mei de maatregels fan de oerheid dy’t no jilde is it foar ús net mooglik om de foarstelling te spyljen yn april en maaie o.s. We soene dêr no folop foar oan it repetearjen wêze moatte en op de lokaasjes oan de slach wêze. En it belangrykste: jimme as publyk wer ûntfange meie. Spitich, it kin no noch hieltyd net. We hawwe no besletten om It grutte swijen te fersetten nei dit neijier. De al kochte tickets binne noch hieltyd jildich! Eltsenien dy’t kaarten kocht yn foarjier 2020 kriget in mailberjocht mei it oersetskema.>

Doe’t jo de kaarten kochten, krigen jo in mailtsje mei in befestiging. Wy ha jo frege om dat goed te bewarjen. De kaarten wiene tahjeakke, mar yn dat mailtje stie ek in link om de kaarten fan de site op te heljen. As jo dy link no brûke, kinne jo de kaarten foar oktober ophelje. Hjir komt ek noch in mailberjocht oer.

Komt de troch ús keazen datum foar jo wier net út, dan kinne jo fia kaartverkoop@teatergroepsult.nl mei Hermien besjen hokker datum jo wol útkomt. Jo kinne ek op dy manier kontakt ha mei Hermien as jo de âlde link net mear hawwe.

Troch alle koroana prikelen hawwe wy ek ús 25 jierrich jubileum, wat we oars dit jier fiere woene, fersette moatten. Us jubileumfoarstelling stiet no pland foar septimber 2022. Hawwe jo noch oare fragen of in reaksje dan kinne jo kontakt opnimme mei us fia de kontaktside Wy sjogge der nei út om jimme wer te moetsjen! Bestjoer, spilers en produksjemeiwurkers Teatergroep Sult

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter