FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
13/01/2020

It grutte swijen

De nije foarstelling, april 2020

Wat wie it in grut súkses, de foarstelling de Bûsedokter dy ’ t foarich jier novimber yn Koudum op ‘e planken, no ja, yn ’ e kas fan FleurigBuiten útfierd waard. In protte minsken koene genietsje fan dizze humorvolle foarstelling dy ‘t dy dochs ek wer oan it tinken sette. Tank oan eltsenien dy ’t der foar soarge hat, dat it in grut sukses waard.

Mar wy gean mei-iens troch! De folgjende foarstelling komt al earder as dat jimme fan ús wend binne. ” It grutte swijen ” sil spile wurde yn april 2020 en nimt ús mei werom nei Koudum yn de Twadde Wrâldoarloch.

Op 17 novimber 1944 binne de 22 jierrige Piebe Hoekema út Koudum en Freek de Jong út De Hommerts / Arum, yn Norg deasketten troch twa Dútske offisieren. Erik Dykstra hie dit trelit opnommen yn syn boek: Spitten foar de frijheid ; it ferhaal fan strafkamp Yde en de tewurkstelling yn Drinte. De dea fan Piebe hie yn it doarp Koudum skokkende gefolgen. Sa binne der twa ûnderdûkers, jongkeardels, as ferrieders ûntmaskere en deasjitten troch it ferset. De belutsenen beloofden elkoar om der noait wer oer te praten. Troch jierren lang ûndersyk yn argiven en petearen mei minsken dy ’t der miskien wol mear fan witte koene, hie Jan de Vries yn kaart brocht, wat der bard wêze kin yn Koudum yn ‘e winter fan 1944-1945 . Dat hat hy yn in manuskript ferwurke.

Ytsje Hettinga hat op grûn fan it manuskript monologen skreaun; sy lit de mem en de suster fan Piebe oan it wurd en de mem fan Arend Klee, ien fan de ombrochte ferrieders. Wy komme yn de kunde mei de karakters en maatskiplike posysje fan Piebe Hoekema en Arend Klee en harren famyljes. Sa wurdt dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweech brocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters.

It ferhaal hâldt net op by de befrijing, 75 jier lyn, mar giet troch. Ferhalen, yn wat doarp dan ek, geane troch en litte sjen wat it docht mei in hechte mienskip wannear’t der net langer praten wurdt oer slim yngripende gebeurtenissen yn de oarloch. De tema’s goed en fout yn de oarloch, mar ek nei oarloch, komme yn dit stik oan de oarder.

It wurdt yntiem húskeamerteater yn de buert dêr’t de famylje Hoekema wenne hat. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes laat dêr’t de monologen plak fine. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal troch Jan de Vries, en syn befiningen, komt it publyk gear op ien lokaasje.

Kaartferkeap set útein begjin maart 2020 .

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter