FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
17/07/2019

De Busedokter 7 november in première

Yn de nijste foarstelling fan teatergroep SULT is alles oars as it liket te wêzen. De wrâld fan de sûnenssoarch wurdt binnenstebûten keard. Hjirtroch komt alles yn beweging. De helpferliener wurdt patiënt. It ûndersyk de oarsaak. De diagnoaze de pine. En it kastke de muorre. Sûnensapps nimme it plak yn fan doktoren. Ferjitten grientes konkureare mei herhalingsresepten. Underskatting striid tsjin in te folle oan diagnostisearing. Stiigende soarchkosten tsjin in tebekrinnend fertrouwen. Koartsein alles is oars as datst ferwachtsje soest. De sûnenssoarch sels leit oan it ynfus. Snappe jo it noch? Wy noch mar krekt. Hindert neat. It wurdt gewoan wer in hearlik SULT-jûntsje. Om te laitsjen en te gûlen. Gewoan hinne gean dus.

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter