FotoFotoFoto
07/11/2018

Sult komt yn de hjerst 2019 mei De Bûsedokter

Teatergroep Sult hâldt de sûnenssoarch tsjin it ljocht yn ‘De Bûsedokter’.

Yn de hjerst fan 2019 komt Teatergroep Sult mei in nije Frysktalige lokaasjefoarstelling yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Wy ha keazen foar in tema dat elkenien oanbelanget: de sûnenssoarch. Mei as haadlinen de gefolgen fan merkwurking, de oprinnende kosten en it hieltyd kommersjeler wurden. Tolve jier lyn waard it sikefûns ôfskaft en de soarchfersekering, berêstend op it prinsipe fan merkwurking, yntrodusearre. In ferplichte fersekering foar elkenien. Zorgverzekeraars ha in soad te sizzen krigen. Dat hat foar grutte feroaringen soarge, wêr ‘t net elkenien sa wiis mei is. In systeem mei foar- en tsjinstanners. Sult hâldt mei De Bûsedokter dit systeem luchtich tsjin it ljocht mei dêrby folop muzyk en dûns. 

Wa hat ferhalen oer de soarch en wol dy mei ús diele?

Elkenien hat wol ferhalen oer de sûnenssoarch.  Ferhalen út eigen ûnderfining of út oerlevering, posityf en negatyf, skokkend of hertferwaarmjend, hilarysk mar ek fertrietlik. Wurkest sels yn de soarch en hast ferhalen, of kenst ferhalen dy ’t wy beslist witte moatte? Diel se mei ús fia info@teatergroepsult.nl. Wy brûke jimme ferhalen as ynspiraasje foar De Bûsedokter.

Lokaasje socht 

It plak en de lokaasje fan de foarstellingen is noch net bekend. We sykje noch nei in gaadlike lokaasje binnendoars, wêr ’ t wy op syn minst 200-250 minsken in plak jaan kinne Tips ? Mail nei info@teatergroepsult.nl. De gouden tip leveret twa tagongskaarten op!

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter