FotoFotoFotoFoto
09/12/2017

Recensie Leeuwarder Courant

It spûk fan de eangst yn de spots

It spûk fan de eangst waret om yn de wrâld. Alles wat frjemd is, wat wy net kenne, is blykber in bedriging. It sjoernaal, ús mobyltsje fertelt ús dat yn kapitalen. Wylst wy yn ús hert wol witte dat ús eigen eangst ús grutste fijân is.

Hauken & Hazzen

Sult set mei syn nijste foarstelling de eangst foar it frjemde yn de spots. Dat tsjûget fan moed. Ek al omdat dit stik basearre is op ymprovisaasjes, in ûnwisse foarm foar spilers en regisseur. Jo moatte net bang wêze om yn it djippe te springen.

De jûn begjint fleurich mei in enerzjike ploech ûndersikers yn blauwe oerstrûpers, dy’t ymprovisaasje-opdrachten krijt fan in strange spullieder. De sênes hawwe te krijen mei in wite bestelauto en in donkere man, dy’t de frjemdling fertsjintwurdiget. It publyk applaudisearret nei de foar it each wat ûnskuldige, werkenbere tafrielen.

Mar dan. In âlder troud pear sit op in terraske. De man brekt út it spul as him de beljochting net nei it sin is. De ljochtman krijt ûnbarmhertich op ’e hûd en dy hurde toan wurdt dêrnei ek brûkt tsjin de donkere man dy’t foar harren fuotten op de grûn leit. In moaie analyze fan minsklik gedrach. En de foarstelling kantelt op dit plak. Boartlikens slacht om yn grimmitigens. It applaus bliuwt út.

De spilers, jong en âld, oertsjûgje. Ek yn de twadde helte, at se rassisten en rjochtse ûnderliifsprekkers delsette. Dat is in kompliment foar Stellingwerf. En fansels is by Sult de foarmjouwing ek yn goede hannen. Mids fjouwer wite bestelauto’s krijt alles yn de loads in nije funksje. In útlit wurdt in gewear, in tsjil in blêd foar de ober, in oaljeflesse in glês wyn. Lykas by bern op in boarterssouder.

Yn it lêst oan ferskoot de fokus fan de bange boargers nei it grouwélige ferhaal fan de donkere man. Sult liket ús as boadskip mei te jaan dat ynlibjen en meilibjen eangst oerwint. Dat is spitich want sa hoege wy ús eangst net mear rjocht yn ’e eagen te sjen. En bliuwt it ûndersyk fan Sult dochs wat oerflakkich. De neisit mei Braziliaanske hapkes en Malineeske muzyk is dêrom wol ferhelderjend: minsken, it ‘frjemde’, de ‘oare’ is net mear út ús kultuer wei te tinken. Wen der mar oan en genietsje der fan!

GOOITSEN EENLING

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter