FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
27/11/2017

SINT NEI SULT

De Sint siet yn syn Spaanske hûs ferfeelsum om te pielen Hy naam syn laptop en begûn syn gram op Facebook te dielen
Wylst hy op syn tiidline seach, en syn freonen efkes sjekte
wa dielt hjoed syn libben wer, wat is it dochs ek in gekte…
Doe foel syn each ynienen op Sult, it Frysk lokaasjeteater
Al 1400 likes, ek mei foto’s, en… o, bliksekater…!!
Nije foarstellings : “Hauken en Hazzen” as titel, kinst dêr lêze!!
Sint ferhûzjet al gau nei Fryslân, dat kin gjin tafal wêze!!
Dus nei it Sintfeest gjin domper langer, gjin swart gat of misêre
De Sint sil moai op 7 desimber nei de Sult premjêre!!
Wol yn boarger fansels, gjin minske sil him werkenne
Sûnder miter, sûnder burd, dat is wer efkes wenne.
Wylst Sint nei de laptop stoarret kriget er in goed plan:
In Hauken en Hazzen entreekaart as kado ,of twa dêr fan!!
Dus sykje jo noch in aardich geskink, stel net út oant ’t lêst..
Gau dy kaarten bestelle , want by Sult sitst altyd bêst!!

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter