FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
13/11/2017

Foar it earst op ‘e spyllokaasje !!

Ferline wike waard foar it earst repetearre op ‘e spyllokaasje yn Himmelum. Efkes wenne fansels, alles is oars, net allinnich de lokaasje, ek de akoestyk en hoe it “fielt”. Sneon 11 novimber wie der in gesellige byienkomst nei de repetysje en nei it opplakken fan de grutte posters. In soad frijwilligers wienen oanwêzich. Mei elkoar in “Tsjoch” útbrocht op in searje moaie foarstellings. De lokaasje is prachtich, in protte romte, waarm en droech. Foar it publyk in noflike jûn fuort! Oer goed trije wiken sil it heve. Alles begjint teplak te fallen. Elkenien dy’t belutsen is sjocht oeral wite bestelbuskes. Hauken en Hazzen. Miskien in frjemde titel, mar….ast de foarstelling sjoen hast kloppet alles. Premjêre Hauken en Hazzen op 7 desimber. Wat in moai Sinteklaasgeskink, tagongskaarten foar de foarstelling! Bestel gau foar dyn favorite jûn of matinee.

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter