FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
12/01/2017

Toanielwykein 11 en 12 febrewaris

SULT makket al tweintich jier foarstellings op ferskate plakken yn de Súdwesthoeke foar jong en âld. SULT wol graach de kennis en ûnderfining fan al dy jierren diele mei oaren. Op 11 en 12 febrewaris wurdt der dan ek in toanielwykein organisearre foar elkenien dy’t ynteresse hat foar teater en sels spylje wol . Yn it toanielwykein sil der omtinken wêze foar de basistechniken, sa as it mei-inoar spyljen, emoasjes , ynlibje en tekstgebrûk . Krekt as de foarstellingen fan SULT sil it wykein nijsgjirrich, ôfwikseljend en ferrassend wêze foar elke teaterleafhawwer, mei of sûnder spylûnderfining. It wykein wurdt jûn troch de fêste spilersploech fan SULT en troch regisseur Pieter Stellingwerf . Op sneon 11 en snein 12 febrewaris fan 10.00 -17.00 oere yn de Arsenaal, ’t Fort 8 yn Himmelum.

Kosten: folwoeksenen 20 euro, jeugd t/m 20 jier 10 euro.

Ynformaasje en opjaan: mailen fia info@teatergroepsult.nl Facebook: Sult Teatergroep website: www.teatergroepsult.nl

Mear nijs Alle tweets fan Sult op Twitter