FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto

Freonen fan SULT

Freon wurde

Om ‘t Sult yn 2023 har lêste foarstelling “Tiid fan libjen” spilet, kin men no net mear freon wurden.

Om geregeld foarstellingen meitsje te kinne, waard SULT fan it bejin oan ôf stipe troch in groep trouwe freonen. Freonen dy ‘t it wichtich foenen dat der produksjes makke wurde sa ’t teatergroep SULT dat docht en dat inisjatyf ûnderstreekje woene mei in jierlikse finansjele stipe. Foar € 11,- per jier wiene jo al Freon fan Sult .

Fansels hat dy bydrage ek foardielen. Sa krije jo regelmjittich in Nijsbrief, dêr ‘t jo yn op ‘e hichte holden wurde fan alle aktiviteiten fan teatergroep SULT. Freonen krije foarrang by it bestellen fan kaarten. Boppedat krije jo foar twa kaarten in koarting op de tagongspriis.

Ynlogge as freon

As jo Freon fan Sult binne, kinne jo op dizze side of by de kaartferkeap fia in link ynlogge as freon. Dizze gegevens wurde jo alle kearen mei de mail tastjoerd, foar ‘t de kaartferkeap iepen giet. As jo gegevens oanpast wurde moatte, kinne jo dat nei ynloggen sels op dizze side dwaan. It banknûmer wurdt oanpasse as jo in bestelling dogge en betelje mei iDeal. Oars kinne jo dat ek melde by ús freone-administraasje. Dat kin fia de Kontaktside. As jo de ynlogkodes net mear witte, binne dy op te freegjen fia Ferjitten.

Ferjit dus net yn te loggen by de kaartferkeap , want pas dan krije jo de mooglikheid om kaarten as freon te bestellen. Njonken freonekaarten kinne jo tagelyk ek gewoane kaarten bestelle.

Regels Freon fan Sult

Wy ha mar in pear rigels , dy ‘t wol foar sich sprekke: It lidmaatskip is per kalenderjier. Opsizze moat altyd foar 31 desimber, as jo ús it oare jier net langer stypje kinne. Sûnt it begjin fan de Koronakrisis ha wy gjin Freonebydrage ynkassearre, dat dogge we dit lêste jier ek net.