
In tragikomysk en poëtysk ferhaal oer delgong.
Nei 27 jier en 20 lokaasjefoarstellings spylje wy ús lêste foarstelling ek yn Starum (Stavoren), sawat it berteplak fan SULT nei ‘t Pieter Stellingwerf hjir ôfstudearre mei ‘Sartre yn Starum’.
It is 2033, de âld SULT-spilers wenje mei har allen yn ien hûs. De dagen folje se mei hottefylje en prate oer it ferline. It hûs is âld en hat in protte ûnderhâld nedich. It fersakket en de riolearring wurket net goed. It soe it bêste wêze om it hûs plat te skowen en de grûn ree te meitsjen foar nijbou.
Kaartferkeap en lês mear …