FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto

1996  Serenade

It stikDe skriuwerSpilers en meiwurkers

Lokaasje: Teatertún Riis

Nei krapoan tritich jier giet it iepenloftteater yn Riis wer iepen. It iepenloftteater is underdiel fan de Teatertun in inisjatyf fan tunadviseur Bart van der Wal. Ferline jier is troch Pieter Stellingwerf, mei it teaterprojekt Sartre yn Starum in start makke mei iepenloftteater yn de Sudwesthoeke fan Fryslan. Dit jier bringt stifting SULT i.o., yn gearwurking mei stifting De Paupers it komyske spektakelstik Serenade fan de Poalse skriuwer Slawomir Mrozek.

Serenade is in fabel oer in stikmannich hinnen, in hoanne en in foks. As de foks op in jûn under it finster fan it hinnehok ferskynt en in serenade spilet, is it rûnom tumult yn it hinnehok. De hoanne hjit de hinnen gjin acht te slaan op harren aartsfijan. Hjirtroch soene se lykwols net te witten komme, foar wa ‘t de foks de serenade spilet.

Slawomir Mrozek is berne op 26 juny 1930 yn it Poalske plak Krakau. Yn 1953 publisearre hy syn earste bondel satiryske ferhalen. In protte fan syn ferhalen hawwe te krijen mei it stalinistyske Poalen fan nei de oarloch. Dit lân, mei in bestjoersapparaat dat min te trochsjen is, blykt foar him in ryke ynspiraasjebron te wêzen.

Yn 1958 begint Mrozek mei it skriuwen fan toanielstikken. Hjiryn ûntwikkelt hy him hieltyd mear as in satirysk absurdistysk skriuwer. Hy skreau mear as fiifentritich toanielstíkken, wêrfan de measten hannelje oer algemien maatskiplike ferhâldingen.

Rolferdieling:
Hoanne Pieter Stellingwerf
Foks Jan Eekma
Blondie Ytsje Kramer
Bruna Ytsje Hettinga
Rossina Feikje Hovenga


Regy Pieter Stellingwerf, Feikje Hovenga
Oersetting Ytsje Hettinga
Ljocht Albert Keizer
Klean Annie de Jager, Gerdy Westendorp
Grime Els Lequin
Dekorûntwerp Henk de Boer, Pieter Stellingwerf
Dekorbou Henk de Boer, Piet Bouma, Jan Zeinstra, Willem Visser, Sytze Pruiksma, Jouke Jongstra, Henk van Krugten

Muzikale begelieding Stifting DE PAUPERS út Warkum o.l.f. Sjoerd Kramer, Siebren Kramer
Muzyk Sjoerd Kramer
Lietteksten Henk de Boer
Sjongers:
Doortje Peperkamp, Lucia Lendle, René van der Laan, Joan Kok, Lida deHaas, Ans Koch, Peter Moody, Marijke Lodeweges, Jeanette van der Veen, Jouke Bouma, Henriëtte de Vries, Ieke van der Wal, Henk van Kmgten, Sietske Foekema, Hannah Doting, Tom Nijdam, Gepke van den Dijssel, Corrie Amsterdam, Geartsje Postma, Piet Bouma, Jolanda Verhoef, Lokke Notennans
Muzikanten
Sjoerd Kramer akoestysk gitaar
Philippus Feenstra elektryske gitaar
Jan Feenstra basgitaar
Gerben de Boer klarinet
Nicoline de Haas saxofoan
Andries Kramer trompet
Theo Stellíngwerf tromboane
Pieter Kurpershoek slachwurk
Untwerp affysje Henk de Boer
Publisiteit Jan Eekma
Foarprogramma De Paupers en Warkum lll


Leeuwarder Courant aankondiging
Leeuwarder Courant oer Serenade