FotoFotoFoto

2004  Rûn Rjocht

It stik/ Yn bielden/ Yn ‘e media/ Musyk

Lokaasje: suvelfabryk fan Sint Nyk

In bewurking fan de Kaukakische Krijtkring fan Bertol Brecht. It is in pleit foar leafde en opoffering en slut hielendal oan by de diskusje fan hjoed-de-dei oer leefberens en wurkgelegenheid op it plattel. Yn in meislepende, muzikale en humoristyske foarstelling is dy aktuele problematyk ferweve mei it ferhaal fan de stedehaldersdochter Gaja. Dy kin, troch in traumatyske underfining, fan jongs of oan net prate. At der yn it ln in wiksel fan de macht ta st komt, wurdt har heit fermoarde en flechtet har mem sunder Gaja. De tsjinstfaam Frouck nimt de noed foar Gaja op har, mei alles wat der efter wei komt. As in oantal jierren letter, yn fredestiid, de mem oanspraak makket op it liederskip en it erfrjocht, komt it ta in rjochtsaak. Yn dy rjochtsaak rint it ferhaal fan de stedehaldersdochter Gaja, syngroan mei de diskusje oer it plattelan fan hjoed-de-dei. Yn in opskuor jaande en ferjitlike rjochtsaak, wurdt der in antwurd socht op de fraach wat de teinlike sizzenskip oer Gaja en dermei oer de grun krije sil.