2005 Mem
Lokaasje: busgaraazje fan NoordNed yn Snits
Teatergroep SULT stiet fan dit jier yn Snits! Fan heal septimber binne we underdak yn de busgaraazje fan NoordNed. Der sil de produksje MEM foar it fuotljocht brocht wurde; in SULTgriemmank fan it stik Moerder3logie; fan Rob de Graaf en de semy-dokumint;Memmejong; makke troch de teatergroep sels. Rob de Graaf is in hjoeddeiske skriuwer en hat in grut tal toaniel en teaterstikken op syn namme stean. Syn styl is konfrontearend mar seker net sunder humor. Besikers fan MEM kinne foar de foarstelling en yn it skoft terjochte op de Memmemerke.
Memmejong
Yn dizze semy-dokumintêre sjogge we treie froulju dy op harren wize mei it mem wezen wrakselje. De ien fangt letterlik de klappen op troch se tusken man en soan ynstiet. De oare wol noch yn gjin bern ha om har heit har in freeslike jeugd besoarge hat. De tredde wie al jong swier, mar moast it bern ofstean. As in jong famke yn it doarp itselde oerkomt, komt har ferline tichterby as mem>
Memme3logie
Trije manlju, bussjauffeurs, krije praat oer memmen, harren memmen. Alles komt op tafel: lykje ik op mem, bin ik miskien mem, is mem miskien my, wat fyn ik fan mem en wat fynt mem fan my? 3 mannen, 3 memmen, memme3logie.
Sult spylet Mem op 21, 22, 23, 24, 25 (matinee), 29 en 30 septimber. Fierders 1,2 (matinee), 6,7 en 8 oktober.
Memme3logy
Rezjy Jan Arendz
Skriuwer Rob de Graaf
Oersetting Ytsje Hettinga
Spilers Jehannes Arendz, Jan Eekma en Johan Spijkerman
Muzyk Gerbrich Galema en Melle Bouhuis
Ynsteksters repetysjes Dory van der Wal, Miranda Bauer
Memmejong
Rezjy en montaazje Pieter Stellingwerf
Kamera Aaldert de Jonge van Media Support
Spilers Ytsje Hettinga, Feikje Hovenga, Maaike Kampen, Ytsje Kramer, Eeltsje Bajema,
Rienk Nicolai, Anne van der Zijpp, Thea Miedema, Riemke van der Zee, Jan Koetje, Jaap de Best, Hilbrand Houwer, Irene Zijlstra, Maria Mc Hugh, Sietske Venema, Willem Rinkema,
Tjerk Nicolai, Douwe Foekema, baby Jelmer Boonstra en oaren
Mei dank oan
Antonius ziekenhuis, Klaas Rinkema.Yn it bysûnder de kraamafdeling, spoedeisende hulp en
ambulance dienst, Klaas Haringsma, Jaap de Best, Welmoed Zeinstra
Karavanploeg Fam Dijkstra Koudum, Fam Galama, Fam Postma, Fam Hettinga De Babysnuffel, Jong Advendo, Thuiszorg Zuidwest Friesland, Shell station Laerd, Emmaus Koudum.