2002 Kyp Kwaiut
Yn de kamping komeedzje KYP KWAIUT fan Mrozek spylje bisten de haadrol. De toeristen binne hinnen, de oarspronklike bewenner is in foks en de biskop is in wolf.
Om’t der hieltyd mear toeristen komme, hat it grutste part fan de oarspronklike bewenners plak romje moatten. It tal hinnen nimt ta en dertroch wurdt it hinnehok aloan foller. Om te soargjen dat it rjocht op rest, romte en rekreaasje bliuwt, liket útwreiding fan it hinnehok de ienige goede manier te wezen.
Dat is lykwols net mooglik, om’t de tichteby wenjende foks net fan syn terrein ôfsjen wol. Hy fjochtet fûl foar syn eigen bestean en bedriget de kamping hieltyd wer. Op harren beurt jeie de kampingsgasten op de foks. It slagget gjin ien fan beide partijen om gelyk te krijen.
At de foks de biskop net oertsjûgje kin fan syn gelyk, kidnapt de foks in hoanne om sadwaande de rest fan de kampingsgasten efter him oan te krijen om op dy wize foargoed mei harren of te rekkenjen.
Omrop Fryslan makke opnamen fan de foarstelling fan “Kyp Kwaiut” die op Oerol op Terschelling spiele waard. Sult komt op 1”38 yn bield.
De premjêre fan ‘Kyp Kwaiut’ fynt plak op Oerol op Skylge. Lês it ferslag fan de LC fierderop op dizze side.
Yn de Súdwesthoeke spylet SULT op it terrein fan it âlde stoart fan Molkwar, tsjin oer de camping. Te sjen op 15,16, 17, 19, 22,23 en 24 augustus.
Foks : Jan Eekma
Hoanne : Johan Spijkerman
Biskop : Feikje Hovenga
Hûn I : Ytsje Hettinga
Hûn ll : Ytsje Kramer
Lamme : Anne vd Zijpp
Triuwer : Antsje Reitsma
Gongmakker : Eelco Venema
Eks-notabele: Janneke Wadman
Rezjy : Piter Stellingwerf
Lûd : Paul van de Kerkhof
Oersetting : Ytsje Hettinga
Rezjy-assistinsje : Yteke Hielkema
Muzyk : Sjoerd Kramer
Produksjelieding: Tsjerk Kramer
Ljocht : Michiel Dennink
Kostúms : Threa Lorist
Uit de programmakrant van Oerol
LC: vooraankondiging Kyp Kwaiut naar Oerol
LC Recensie Kyp Kwaiut op Oerol
LC: Slotvoorstelling valt in water