2021 It grutte swijen
Troch Korona koe dizze foarstelling net spyle wurde!
De ûndersiker Jan de Vries út Koudum, hat mei Ytsje Hettinga it stik omwurke nei in boek, sadat dit histoaryske ferhaal bewarre bliuwt. Op dizze wize kin eltsenien der dochs kennis fan nimme. Sjoch foar in gearfetting by “It stik” en it boek is u.a. te krijen by de AFUK.
Op 17 novimber 1944 binne de 22 jierrige Piebe Hoekema út Koudum en Freek de Jong út De Hommerst/Arum, yn Norg deasketten troch twa Dútske offisieren. Erik Dijkstra hat dit trelit opnommen yn syn boek: Spitten voor de vrijheid; het verhaal van strafkamp Yde en de tewerkstelling in Drenthe.
De dea fan Piebe hie yn it doarp Koudum skokkende gefolgen. Sa binne der twa ûnderdûkers, jongkeardels, as ferrieders ûntmaskere en deasjitten troch it ferset. De belutsenen beloofden elkoar om der noait wer oer te praten, mei gjinien. Troch jierren lang ûndersyk yn argiven en gesprekken mei minsken dy’t der miskien wol mear fan witte koenen, hat Jan de Vries yn kaart brocht wat der bard wêze kin yn Koudum yn de winter fan 1944-1945.
Ytsje Hettinga hat op grûn fan it manuskript fan Jan monologen skreaun; sy lit de mem en de suster fan Piebe oan it wurd en de mem fan Arend Klee, ien fan de ombrochte ferrieders. We komme yn de kunde mei de karakters en maatskiplike posysje fan Piebe Hoekema en Arend Klee en harren famyljes. Sa wurdt dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweech brocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters. It ferhaal hâldt net op by de befrijing, 75 jier lyn, mar giet troch. Ferhalen, yn wat doarp dan ek, gean troch en litte sjen wat it docht mei in hechte mienskip wannear’t der net langer praten wurdt oer slim yngripende gebeurtenissen yn de oarloch. De tema’s goed en fout yn de oarloch, mar ek nei oarloch, komme yn dit stik oan de oarder.
It wurdt yntiem húskeamerteater yn de buert dêr’t de famylje Hoekema wenne hat. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes laat dêr’t de monologen plak fine. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal troch Jan de Vries, en syn befiningen, komt it publyk gear op ien lokaasje.
De foarstelling begjint op Onderweg 8 yn Koudum.
Op dit stuit sit hjir schildersbedriuw Hoekema.
Yn de oarlogstiid hat hjir in tiidlang de gaarkeuken sitten.
De spilers fan It Grutte Swijen binne:
Berendina Greetje Cuiper
Tet Judith Jager
Geeske Ytsje Hettinga
Lêzing Jan de Vries
Tekst Ytsje Hettinga
Regy Jan Eekma
Jehannes Arendz
Feikje Hovenga
Artistike lieding Pieter Stellingwerf
Kostúms en set Aafje Horst
Produksje Teatergroep SULT
Technyk Auke van der Meer
Lokaasjekoördinaazje Feike van der Sluis, Albert Salverda
PR Wilmiene van Veen, Berber de Wit
Kaartferkeap Hermien Salverda
Site en freonen Meine van der Sluis
Katering Rosé Klijnstra
Dizze foarstelling wurdt mei mooglik makke troch:
Provinsje Fryslân
V-Fonds
gemeente Súdwest-Fryslân