2003 Hinne en Wer
De lokaasjesfoarstelling HINNE & WER bestiet ut twa ienakters, dy tagelyk spile wurde. It iene stik wurdt troch froulju spile, it oare stik troch manlju. De fraach wer wy hinne geane as wy it ierdske ferlitte, komt yn beide foarstellings oan de oarder. Doch geane dizze beide ienakters just oer it libben. De tematyk wurdt op twa folslein ferskillende manieren brocht. It publyk komt letterlik en figuerlik yn is soarte fan tuskenstasjon.
HINNE
It stik HINNE oarspronklike titel ‘Van drie oude mannetjes die niet dood willen’ fan Susanne van Lohuizen, giet oer trije mantsjes dyt net dea wolle. De mantsjes lizze te sliepen en har snoarkjen is in close harmony fan stimmen. Trije wekkers skilje yn skrille toanen en de mantsjes klaaie harren hastich oan. Der moat wat dien wurde. Dan falt der in brief troch de brievebus, der stiet yn, dat it hjoed de leste dei is. Mar de trije mantsjes wolle net dea.
WER
It stik WER; fan Ytsje Hettinga, giet oer trije froulju dyt trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wezen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebruk fan de tiid dyt se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wezen.
Lokaasje fan de foarstelling HINNE en WER: Sylskoalle fan Himmelum.
Op 17, 18, 25, 27 en 28 septimber en 1, 2, 3, en 4 oktober.
HINNE
Diederik Jan Eekma
Jonathan Johan Spijkerman
Olivier Pieter Stellingwerf
Rezjy Jan Arendz
WER
Hinke Feikje Hovenga
Coby Ytsje Kramer
Wiesje Ytsje Hetting
Rezjy Jan Eekma
Produksjelieding: Joukje Idzinga
Ljochtûntwerp: Kees Botman
Ljocht- en lûdútfiering: Will Spies, Douwe Feenstra, Auke van der Meer
Klean: Threa Lorist
Personiel tuskenstasjon: Walter de Koe en Jappie Feenstra
Ytsje Hettinga schreef WER LC 12-9-2003
LC over Hinne en Wer