2009 Heksershol
Lokaasje: Op de smûke (hea)solder fan in boerderij
Heksershol draait om de minske dy ’ t altyd mar mear wol ; mear besit, mear kennis en mear macht. Haadpersoon yn Heksershol is Gosse Knop, in sjarlatan sûnder jild en besit. Gosse wol boer wurde en hat syn each falle litten op Ingel, de dochter fan in rike boerenweduwe. Mar hoe krijt er de boeredochter en wurdt er de grutste en machtichste boer fan Molkwar. Hy kriget help. Mar wa is dy behulpsame man, en wat freget dizze man foar syn help? De SULTspilers binne ynspirearre troch Heksershol. In 19e ieuws ferhaal út it folkslibben fan Fryslân, skreaun troch de bruorren Halbersma. Dit ferhaal, bewurke troch Sjoerd Bottema, is brûkt foar dizze vertelfoarstelling. Heksershol is in foarstelling mei in soad humor en moaie ferskes foar elkenien fanôf 12 jier. Mei in knypeach nei it eardere Winterjûnenocht, mar dan mei alle moderne teatrale middels fan dizze tiid.
Lústerje hjir noch ris nei de Widsesang skreaun troch Kees van der Meer.
Lústerje hjir noch ris nei de Ark RAP skreaun troch Kees van der Meer.
Lústerje hjir nei in stik út it orizjinele boek (mei tank oan Audiofrysk.nl).
Spilers: Feikje Hovenga, Ytsje Kramer, Jan Eekma, Jehannes Arendz, Alie Ludema en Pieter Stellingwerf.
Gelûden: Auke van der Meer
Ljochtûntwerp: Kees Botman
Musiek: Kees van der Meer
Musikaal lieder: Gerbrich van der Meer
Klaajingadvies: Wolly Prins
sang: Anne Joosse, Engelien van de Meeren, Margreet van der Zee, Janneke Veenema, Paola Diekstra, Boukje Hoekstra, Alie Ludema, An Vessius, Carolien Hack en Diana de Boer.
Leeuwarder Courant over Heksershol
Wijd en Zijd over Heksershol
De Moanne oer Hekserhol
LC: recensie Heksershol