FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto

2001  Duvelsied

It stikSpyldataSpilers en meiwurkers

‘Duvelsied’ is in Fryske bewurking fan “Merlijn of it barre lân” fan de Dútske skriuwer Tankred Dorst. It fertelt it ferhaal fan Kening Arthur en de ridders fan de rune tafel.

Teatergroep SULT spilet ein augustus har lustrumfoarstelling. “Duvelsied” fertelt it ferhaal fan Kening Arthur en de ridders fan ‘e rûne tafel. De striid tusken Merlijn en de duvel is de reade tried yn it stik. Merlijn is de soan fan de duvel. Dizze wol dat Merlijn de minsken leart om net mear bang te wezen foar it kwea. Merlijn sels lykwols, wol it kwea útbanne troch te stribjen nei lykweardichheid en earlikheid. Dêrom lit hy Kening Arthur de tafelrûnte oprjochtsje. Earst liket it dat it Merlijn slagget, mar úteinlik moat er dochs tajaan dat der gjin begjinnensein oan is om it kwea út te bannen.

Nettsjinsteande de serieuze ündertoan, sit it stik grôtfol kolderige humor. De ûngefear 30 rollen wurde spile troch 8 spilers. In diel fan de rollen wurdt mei maskers op spile. De spylstyl dêr ‘t foar keazen is, is basearre op it al yn de 16e ieu tapaste Commedia dell ‘arte. Neist it spyljen (mei en sûnder maskers) wurdt der yn de foarstelling in soad gebrûk makke fan muzyk en groteske effekten. Om ‘t it aksint net allinne op de (Fryske) taal komt te lizzen, mar ek op fisuele aspekten, sil de foarstelling ek foar minsken dy ‘t de Fryske taal net ferstean, goed te folgjen wêze.

“Duvelsied” wurdt spile yn de winterstallingshallen op it Johan Friso Bedriuwenpark yn Warns. De foarstellings binne op: 23 (premiere), 24, 25, 27, 28, 30, 31 augustus 1, 3, en 4 septimber.

De rezjy is yn hannen fan Pieter Stellingwerf.

Antsje Reitsma: Keningin Ginevra, Dagobert, sir Giflet, kening fan Wales
Feikje Hovenga: Melrijn, Morgause
Jan Eekma: Duvel, kening Arthur, Elaine
Janneke Wadman: Parsifal, kening fan Cornwall, tsjinstfaam
Johan Spijkerman: man yn Lila, sir Ither, timmerman, Mordred, reade ridder
Sybrand Brouwer: Hanne, sir Lancelot, sir Lamorak
Ytsje Hettinga: Klown, Nar, sir Gawain, Morgan le Fay
Ytsje Kramer: sir Kay, skyldknaap, Herzeloïde, Agrawain-Gaheris-Gareth

OERSETTING: Lolkje Hoekstra REGY EN BEWURKING: Pieter Stellingwerf MASKERS EN MASKERREGY: Frans Krom TOANIELBYLD: Pieter Stellingwerf, Kees Botman KLEAN UNTWERP: Johran Koning MUZYK, LIETEN: Jan Tekstra LJOCHT EN FIDEOPROJEKSJE: Kees Botman FIDEOMONTAAZJES: Aaldert de Jonge Media Support, Pieter Stellingwerf LUD: Stagemaster Tsjalling vd Werf, Auck Couperus SMINK EN PRUKEN: Els Lequin FIDEO OPERATOR: Gertjan van Voorthuizen DJ’s: Gysbert Zijlstra, Auck Broersma YNSTEKSTERS REPETYSJES: Janka Hoekstra, Ursula Plat UNTWERP AFFYSJE: Henk de Boer PRODUKSJELIEDING: Berend Jansen DEKORBOU: Anne vd Zijpp, Berend Jansen, Joop van IJzendoorn, Roel Bouma, Henk van Krugten KOORDINAASJE KLEAN: Trea Lorist ` UTFIERING KLEAN: Attie Wobbes, Hanny vd Werf, Hermien Salverda, Janke Kampen, Marietje Kuipers, Marijke Prins, Renske Smeding, Sijke vd Wal, Trea Lorist, Wiepie Brandsma, Wyp Sybesma KAARTFERKEAP: lt Bestjoer, Adrie Bouma, Anne Joosse, Hermien Salverda, Jan Bosje, Miranda Bauer, Nynke Visser, Ria Stellingwerf, Ytsje Kramer-Lootsma, Greet Bierema.
BESTJOER: Berend Jansen, Dory de Vries, Tsjerk Kramer, Geartsje Kramer-Postma, Henk van Krugten, Roel Bouma.