2019 De Bûsedokter
De Bûsedokter
In út it wurk rekke húsdokter slyt syn dagen yn in kas en fersoarget hjir planten ynstee fan pasjinten. Hy fertelt oer syn bloeiende praktyk fan foarhinne en fûteret dat de hjoeddeiske sûnenssoarch siik is. Dat de helpferliener sels pasjint is en mei it wetter foar de dokter moat. Hy ergeret him oan registraasjes en kodearringen, kastkes en muorren, oan oprinnende syktekosten en omleechgeande sprektiden.
Yn de nijste foarstelling fan teatergroep SULT leit de wrâld fan de sûnenssoarch sels op de behanneltafel. Wy hâlde net fan papkjen en wiethâlden en pakke it ûnderwerp oan mei in protte relativearring en refleksje. Kinst der om laitsje of gûle, of it hjir allegear better fan wurdt is mar de fraach. Oan jimme de diagnoaze. Betterskip kinne we net garandearje, wol in hearlik koartseftich jûntsje SULT wêr’t nimmen minder fan wurdt.
Sult spiele de Bûsedokter op:
7, 8, 9, 14, 15, 16, 21, 22 en 23 november 2019
De spilers van de Bûsedokter binne:
Dokter Jakob Goedhardt: Jan Eekma
Familie Sorgdrager:
* Heit Sacco: Jehannes Arendz
* Mem Marije: Judith Jager
* Dochter Sytske: Marte Stellingwerf
Fruchten fan Goedhardt syn oerspande geast:
* Frou Donkere earebarrebek: Ytsje Kramer
* Frou Rûne earebarrebek: Feikje Hovenga
* Frou Lytse earebarrebek: Ytsje Hettinga
Sikehûspersoniel: Tsjalling Ybema en Jan Feenstra.
Húsartsekoar:
Huisartsenkoor ‘Wat scheelt er aan’: Fraukje Meulenbroek, Theo Bakker, Douwe van der Weide, Gisela Schadenberg, Otto Cazemier, Lieske van Vliet, Ellen van der Veen, Marijke Span, Elly Havenga en Arthur Poelmann o.l.v. Pytsje Feentra
We binne bliid dat we yn de kassen fan FleurigBuiten spylje meie.
It adres is:
Tjalke van der Walstraat 21A Koudum
It kin op dit stuit kâld wêze yn de kassen, waarm en goed oanklaaie is oan te rieden .
Regy: Pieter Stellingwerf
Komponist: Kees van der Meer
Kostuums: Aafje Horst
Skript: Hans Brans en Pieter Stellingwerf
Technyk: Auke van der Meer
Bou: Feike van der Sluis en Albert Salverda
Catering/frijwilligers: Rose Klijnstra/Aagje de Vries
PR: Wilmiene van Veen, Berber de Wit, Ruth ter Voort, Ytsje Hettinga
Kaartferkeap: Hermien Salverda
Funksjoneel behearder webside en Freonenadministraasje: Meine van der Sluis
Dizze foarstelling wurdt mei mooglik makke troch:
Prins Bernhard Cultuurfonds, Douwe Kalma, Rabobank Sneek, Bas Backer, Provinsje Fryslân, Arjen Witteveen, Freonen fan Sult
Leeuwarder Courant oer De Bûsedokter
De Moanne oer De Bûsedokter
Sneker Nieuwsblad oer De Busedokter
Friesch Dagblad oer De Bûsedokter