1997 De Bloedbrulloft
DE DEA EN DE LEAFDE
De Dea en de leafde
dy stride har striid
ien moat belies jaan
sa giet it altyd
De dea is hjoed praatsk
en hat it lêste wurd
de leafde moat swije
it needlot is hurd
Alles wat oerbliuwt
is in mistige tins
it libben is eindich
dat jild foar elk mins
Mar better gleon te stjerren
mei in hert dat wat seit
as te libjen mei bloed
dat kâld is en swijt
In famke sil trouwe mei de soan fan in rike boerinne. Hy is lykwols net de man fan wa’t se hâldt. Har hert giet út nei Leonardo. Har relaasje mei him hat se ferbrutsen omdat hy earm is en har dêrtroch gjin takomst biede kin.
As hy lykwols ek op de brulloft ferskynt nimt de twivel oer har krekt ynseinige houlik ta. Wat moat se dwaan? Har sels bedobje yn it libben fan in houlik, of besykje te libjen mei alles wat bedobbe leit?
Doeken op ‘e dyk Fjirtjin doeken op é seedyk binne ûnderdiel fan ‘De Bloedbrulloft’ op Skarl. Byldzjend keunstner Henk de Boer hat in eigensinnige deadedûns kreëare, dy ‘t fjirtjin dagen bleat stean sil oan de eleminten. Meidraaiend op ‘e wyn, as it lot fan it libben sels.
De fokale manljusgroep Sânman en Sikke is ûntstien yn 1994 en stiet ûnder lieding fan Siebren Kramer. De groep wol himsels wat it repertoire oanbelanget sa min mooglik beperkingen oplizze, ferskes fan ferskillende stilen wurde deryn opnommen en eigen makke. It materiaal bestiet foar in grut part út bewurkingen fan Ingelske en Fryske folkswizen, barbershop- en popferskes, al of net mei begelieding.Geregeld wurde de ‘manlju’ frege om feestlike of oare spesjale gelegenheden mei harren sang op te fleurjen.
Yn it doarpke Skarl by Warns
De foarstellings fyne plak hjir op 14, 14, 16, 19, 20 en 21 augustus
Yn folchoarder fan opkommen:
Feikje Hovenga de mem fan de brêgeman
Cor Pander de brêgeman
Baukje Jäger de buorfrou, brulloftsgast
Ytsje Kramer de freon fan Leonardo
Jetske Miedema de skoanmem, de moanne
Jan Eekma Leonardo
Ytsje Hettinga de faam
Anne van der Zijpp de heit van de breid
Jolanda Verhoef de breid
Anna Ypma it biddelwiif
Piet Bouma houthakker, Sânman en Sikke
Rene van der Laan houthakker, freon, Sânman en Sikke
Roelof van der Werf houthakker, Sânman en Sikke
Siebren Kramer Sânman en Sikke
Egbert Krikken Sânman en Sikke
Tom Nijdam Sânman en Sikke
rezjy en toaníebield Pieter Stellingwerf
rezjy assístínsje Anna Ypma
oersettíng Klaas Bruinsma
bewurking Ytsje Hettinga, Pieter Stellingwerf
seremoanjemaster Henk de Boer
brulloftsgasten Sjongsum / de Paupers / Warkum III
brulloftsmuzyk De Paupers
muzykkomposysjes Federico Garcia Lorca, Egbert Krikke, Sjoerd Kramer, Phillipus Feenstra
líetteksten Federico Garcia Lorca, Pieter Stellingwerf
ljocht en technyk Michiel van Groeningen
klean Marijke Schuil, Cilia Schuil
masker fan de moanne Frans Krom
schmink Eis Lequin, Wietske Smid
ûntwerp affysje Henk de Boer
kaartreservearríng Bureau voor secretariaatswerk, Dieuwke Melchers, Ria Stellingwerf
publisiteit Geartsje Kramer
baukommisje Piet Bouma, Henie van Krugten
Leeuwarder Courant oer Bloedbrulloft
Recensie Bloedbrulloft Leeuwarder Courant
LC oer doeken Henk de Boer