FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto
Voorkant flyer Krang 2015.jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (1).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (3).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (5).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (7).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (9).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (10).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (11).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (15).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (16).jpgKRANG door SULT trijout 7 sept 2015 (14).jpg

2015  Krang

It stikspilersMeiwurkersOer Romke GabeSpyldata

KRANG: tsjin de tried yn, efterstefoaren, binnenstebûten

Midden yn de greiden
KRANG wurdt spile yn Nijhuzum, in lytse mienskip deunby Warkum. It is in lanlik doarp, neist it boerelibben is der in soad romte foar rekreaasje. Jo kinne dêr genietsje fan prachtige fiergesichten en loften. Foar de wettersportleafhawwer is der oansluting fan de Brekken nei de Fluezen. De dyk rint dea foar auto’s, fytsers kinne binnentroch nei Aldegea of mei it pontsje nei De Gaastmar.

Mear wolle of tefreden wêze mei
Ivan is ‘Krang’ en folget net de wenstige paden. Hy nimt net, sa as men faaks ferwachtet, de pleats fan syn heit oer. Ivan kiest foar it ûnreplik guod. It giet him foar de wyn, hy hat tal fan projekten mei sukses ôfsletten en wurdt wat er woe: ‘in grut en foaroansteand sakeman’. Der is noch ien dream dêr’t er in sin by hat: libje fan de wyn. Mar dan kantelet it tij, de resesje slacht ta, syn plannen falle net yn goede ierde en syn frou wurdt siik. Ivan sjocht dat syn grutste dream hieltyd fierder weisakket…

KRANG is in loftige tragikomeedzje wêryn’t status, jild, leafde, en rabberij de boppetoan hawwe. It hiele doarp Nijhuzum is it dekor en tegearre mei de muzyk, prachtige klean en de Sult fernimstichheden belooft it in prachtige ûnderfining te wurden.

Introductiefilm KRANG

Teatergroep SULT - KRANG

IVAN - Romke van der Meulen
ANNA - Judith Jager
DOKTER - Sjoukje de Boer
PITER LOOIJENGA - Jan Eekma
SJOUWKJE LOOIJENGA - Feikje Hovenga
SASJA - Alie Ludema
BARBARA - Paulien Verburg
GAVRILLA - Ytsje Hettinga
KAREL - Gerwin de Vries
JAPKE - Marije Semplonius
HINDRIK - Pyt Postma
BORIS - Bennie Ludema

Rezjy:
Romke Gabe Draaijer

Artistike lieding:
Pieter Stellingwerf

Rezjyassistint:
Ytsje Kramer

Tekst ‘Ivanov’ fan Anton Tsjechov
Bewurking-Oersetting:
Ytsje Hettinga

Ljocht- en Lokaasje-ûntwerp:
Kees Botman

Kleanûntwerp:
Atelier Bonnema

Muzyk:
Wiebe Kaspers

Technyk:
Auke van der Meer

Spilers :
Sjoukje de Boer, Ytsje Hettinga, Feikje Hovenga, Judith Jager, Alie Ludema,
Marije Semplonius, Paulien Verburg, Jan Eekma, Bennie Ludema, Pyt Postma,
Romke van der Meulen, Gerwen de Vries.

Sjongers: Sietske Foekema, Anne Joosse, Irene Ketelaar, Paola Diekstra, Janneke Veenema, Katja Draijer, Sytske Dykstra, Diana de Boer, Wim Mendelts, Pieter de Boer, Jeen Bekkema, Johannes Plantinga

SULT doart it dit jier oan - yn de roerige neisleep fan de krisis en kulturele kealslach- om jong talint in kâns te jaan . Begjin 2014 hat SULT in oprop dien om in foarstellingsplan yn te tsjinjen foar de produksje yn 2015 . De 24-jierrige Romke Gabe Draaijer út Molkwar wie ien fan de ynstjoerders en kin no syn plannen ferwêzenlikje. Romke Gabe is gjin ûnbekende yn de toanielwrâld troch de foarstelling ” FISK , fang dyn gelok ” , syn afstudeerproject yn 2011 , as akteur by Tryater en ferline jier wie er te sjen as Huckleberry Finn yn de SULT produksje ” De Held en Syn Sokken ” .

10, 11, 12, 17, 18, 19, 23, 24, 25 en 26 septimber 2015
Ekstra foarstelling: 2 oktober


Bestannen by dizze foarstelling:
De_Moanne_oer_Krang.pdf
LC-De held en syn sokken_14 febr 2014.pdf