2014 De held & syn sokken
De jeugdheld krijt in twadde libben!
Yn de famyljefoarstelling ‘De held en syn sokken’ komt de jeugd yn de kunde mei de helden fan foarhinne en foar de âlders en paken en beppen sil it weromkennen in feest wêze. Tsjinwurdich fynt de jeugd harren helden yn de muzyk, games, tv, film. De helden fan fjirtich of fyftich jier ferlyn wienen meastal personaazjes út boeken. Troch it lêzen koest dy mei de haadpersonaazje identifisearje en kaamst yn in oare wrâld, dat joech enerzjy, soms treast mar prikele foaral de fantasy en de ferbyldingskrêft .
Wy fregen ús by SULT ôf of der ferskil is yn de soarte fan jeugdheld, de funksje fan de jeugdheld fan fjirtich of fyftich jier ferlyn en de jeugdheld fan no. Mei dizze fraach binne wy oan de slach gien. Yn de foarstelling foarmet it ferhaal fan Tom Saywer, in jeugdheld fan eartiids, de reade tried en is bewurke troch Bonne Stienstra. Neist teater is der sang, muzyk en byldmateriaal yn de foarstelling dat ta de ferbeelding sprekt. Dit alles gebeurt fansels op in frisse en hjoeddeistige wize, mei in fikse doasis SULT-fernimstichheid en humor.
De foarstelling wurdt spile yn de foarjiersfakânsje yn 2014 op:
20, 21, 22, 27, 28 febrewaris en 1 maart in jûnfoarstelling en
23 febrewaris en 2 maart in matineefoarstelling.
Lokaasje: Skipshelling Blom, Nieuwe Weide 21 Hylpen
Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom bij Omrop Fryslân:
Rezjy: Pieter Stellingwerf
Skriuwer /Bewurking: Bonne Stienstra
Kleanûntwerp: Dianne Bonnema
Technyk: Auke van der Meer
Ljocht en lokaasje ûntwerp: Kees Botman
Muzyk: Jan Tekstra
Sang: Anneke Jansma, Janneke Veenema, Diana de Boer, Doutzen Groothof en Berber Nab
Spilers: Jan Eekma, Feikje Hovenga, Ytsje Kramer, Paola Diekstra, Judith Jager, Ytsje Hettinga, Titia Huisman, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom en Richard Klijnstra
Tegearre mei de byb ha wy in priisfraach betocht foar de jongerein fan tsien jier en âlder. Miskien lêze jim ek wolris ferhalen oer helden. Yn de byb fine jim ek ferskate boeken oer helden. Ûnder de ynformaasje oer de priisfraach stiet in hiele list fan spannende en leuke boeken oer helden. Dizze boeken kinst liene yn de bybliotheek fan Snits, Balk, Workum, Makkum en yn de Lytse Bieb dy’t yn de lytsere doarpen lâns komt. Foar mear ynformaasje oer Bibliotheek Súdsúdwest sjoch op http://www.bssw.nl/
De Priisfraach!
Soene jim in koart ferhaal of gedicht skriuwe wolle oer jim held yn 140 tekens? Wolst leaver net skriuwe dan meist ek in filmke meitsje of sjonge oer dyn held. Tink derom … dit mei net langer as 3 minuten duorje. Set dyn ferhaal fan 140 tekens op twitter en einigje mei #mynheld. Kinst dyn ferhaal/film of liet ek maile nei marketing@teatergroepsult.nl. Do kinst dan ek frijkaarten winne asto ús troch joust wa’sto meinimst nei de foarstelling.
Ynstjoere kin oant 24 jannewaris 2014. Nei 10 febrewaris nimme wy kontakt op mei de winners fan de priisfraach.
Boeken over helden Leeftijd 6 – 9 jaar
Abeltje en De A van Abeltje - Schrijver: Annie M.G. Schmidt
Alice in Wonderland - Schrijver: Lewis Carroll
Dag Vos, dag Haas! - Schrijver: Sylvia van den Heede
Dolfje Weerwolfje - Schrijver: Paul van Loon
Don Quichot - Schrijver: Rosa Navarro Durán
Heel veel Jubelientje - Schrijver: Hans Hagen
De kinderen van Bolderburen - Schrijver: Astrid Lindgren
Met de poppen gooien - Schrijver: Guus Kuijer
Michiel van de Hazelhoeve - Schrijver: Astrid Lindgren
Paulus en de eikelmannetjes - Schrijver: Jean Dulieu
Pieter Konijn wintersprookje - Schrijver: Beatrix Potter
Pluk van de Petteflet - Schrijver: Annie M.G. Schmidt
Verhalen van de boze heks - Schrijver: Hanna Kraan
Winnie de Poeh: de volledige verzameling verhalen en gedichten - Schrijver: Alan Alexander Milne
Boeken over helden Leeftijd 9 – 12 jaar
De brief voor de koning - Schrijver: Tonke Dragt
Fantasia - Schrijver: Geronimo Stilton
De gebroeders Leeuwenhart - Schrijver: Astrid Lindgren
De GVR - Schrijver: Roald Dahl
Harry Potter en de Steen der Wijzen - Schrijver: Joanne K. Rowling
Hoe overleef ik mijn eerste zoen? - Schrijver: Francine Oomen
Ik ben Polleke hoor! - Schrijver: Guus Kuijer
Kruimeltje - Schrijver: Chris van Abkoude
Mary Poppins - Schrijver: P.L. Travers
Matilda - Schrijver: Roald Dahl
Minoes - Schrijver: Annie M.G. Schmidt
Otje - Schrijver: Annie M.G. Schmidt
Paddeltje, de scheepsjongen van Michiel de Ruyter - Schrijver: Joh. H. Been
Peter Pan - Schrijver: J.M. Barrie
Pietje Pell - Schrijver: Chris van Abkoude
Pinokkio - Schrijver: Carlo Collodi
Robin Hood - Schrijver: Michael Morpurgo
Robinson Crusoë - Schrijver: Ed Franck
Ronja de roversdochter - Schrijver: Astrid Lindgren
De Schippers van de Kameleon - Schrijver: Hotze de Roos
Uit het leven van Dik Trom - Schrijver: C. Joh. Kieviet
Foar freonen start de kaartferkeap fan of 20 novimber om 19.00 oere.
Gewoane kaartferkeap start 3 desimber 2013.
Kaarten kostje € 19.50,- (foar freonen € 18,-) en
bernekaarten (o/m 16 jier) binne € 15,-. Twa konsumpsjes binne by de priis fan it kaartsje ynbegrepen.
Kaarten binne fan 4 febrewaris ôf elke tiisdei en tongersdei tusken 17.00 en 18.00 oere te bestellen op 06-19939621.
Talent Draaijer debuteert bij SULT Bolsw.Nieuwsblad 19-02-2014
De Held en syn sokken Balkster Courant 2014-02-27
FLYER ACTIE BIBLIOTHEEK_DE HELD EN SYN SOKKEN
Boekenhelden 6-9 jaar
Boekenhelden 9- 12 jaar
YouTube_Omrop_Sok
FLYER_DE HELD EN SYN SOKKEN