FotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFotoFoto

2023  Tiid fan libjen

It StikKaartferkeapLokaasjeSpilersMeiwurkersStipersMedia

Lês it lêste nijs op dizze side.

De sirkel is rûn
SULT is werom yn Starum (Stavoren). It plak dêr’t Pieter Stellingwerf ôfstudearre mei de foarstelling ‘Sartre yn Starum’. It begjin fan Súdwesthoeke Lokaasje Teater (SULT). De start fan in groep leafhawwers dy’t mei en tusken minsken op bysûndere lokaasjes yn de Súdwesthoeke teater meitsje woenen. Nei 27 jier en 20 lokaasjefoarstellings spylje wy no ús lêste foarstelling yn Starum.

Oer ‘Tiid fan libjen’
It is 2033, de âlde SULT-spilers wenje mei-inoar yn ien hûs, se binne de 80 al passearre. Harren teätergroep bestiet al 10 jier net mear, mar libbet noch folop yn de hollen fan de âld-spilers. Se slite har dagen mei it opheljen fan oantinkens en it hottefyljen oer allerhande deistige dingen.

It hûs dêr ‘t se yn wenje is âld en hat in soad efterstallich ûnderhâld. It is fersakke en der is in probleem mei de riolearring. De gemeente ferklearret it hûs ûnbewenber, dat betsjut dat it ôfbrutsen wurde moat en plak meitsje moat foar wat nijs. Dit is it lêste dat de SULT-ers wolle, se litte har net samar oan de kant sette. Se geane yn ferset om it tij te kearen.

Tiid fan libjen is in tragi-komysk ferhaal. Oerdeis sjogge wy de realiteit en de gefolgen fan it âlder wurden dêr ‘t de SULT-ers tsjinoan rinne, mar yn ‘e nacht is alles oars. Dan is der in byldzjende en ferfrjemdzjende dreamwerklikheid, wêryn ien fan de âld SULT-ers grip besiket te krijen op de tiid. De dei - en nachtsênes wikselje inoar ôf. De foarstelling wurdt droegen troch sang en muzyk.

Lês it lêste nijs op dizze side.

De kaartferkeap foar Tiid fan libjen is iepen. De foarstellings binne op 30 en 31 augustus, 1, 2, 6, 7, 8 en 9 septimber

Om rekken mei te hâlden (sjoch ek op jo ticket):
* Yn it gefal fan min waar en fersetten fan de foarstelling komt der om ûngefear 18:00 in berjocht op ús webside en FaceBook.
* De foarstelling is bûtendoar. It kin jûns, sa flak by it Ysselmar aardich ôfkuolje. We advysearje om je waarm oan te klaaien.

Tiid fan libjen spilet him ôf by

Boubedriuw Albada
Jurisdictie 5
Stavoren

Om rekken mei te hâlden (sjoch ek op jo ticket):
* Yn it gefal fan min waar en fersetten fan de foarstelling komt der om ûngefear 18:00 in berjocht op ús webside en FaceBook.
* De foarstelling is bûtendoar. It kin jûns, sa flak by it Ysselmar aardich ôfkuolje. We advysearje om je waarm oan te klaaien.

De foarstelling “Tiid fan libjen” wurdt spille troch:

Spiler Rollen
Ytsje Hettinga Ytsje
Feikje Hovenga Feikje, Weechskaal, Oanmeitsje, Stienbok
Ytsje Kramer Ytsje, Lang om let, Fisk, Stienbok
Jan Eekma Jan, Oanmeitsje
Judith Jager Klok, Ambtner
Bennie Ludema Ambtner, Bôgesjitter, Lang om let, Fisk
Gerwin de Vries Ambtner, Bôgesjitter, Stienbok, Wetterman, Projektûntwikkeler
Alie Ludema Moanne, sang
Sang: Stjerrekoar Alie Ludema, Janneke Veenema, Paola Diekstra, Diana de Boer

Neist de spilers en sjongers meitsje dizze meiwurkers dizze foarstelling mooglik:

Rezjy, tekst, artistyke lieding Pieter Stellingwerf
Dramaturgy Hans Brans
Ljocht- en Foarmjowing Kees Botman
Kleanûntwerp en produksje Dianne Bonnema en har kostuumgroep
Grime Anna Doornbos
Grafysk ûntwerp GREYD!
Muzyk Bart van der Wal, Douwe van der Werff
Technyk Auke van der Meer, Vince Postma, Age van der Veer
Productieploeg Pieter Stellingwerf, Albert Salverda, Feike van der Sluis, Berber de Wit, Miranda Bauer, Auke van der Meer, Rosé Klijnstra
Bouploech Feike van der Sluis, Albert Salverda, Tjebbe Jetse Dijkstra, Age van der Veer, Ep van Hijum, Berend de Vries, Marco de Vries, Freark de Vries, Roelof Fopma, Edsart Schutte, Klaas Zwaan, Siebe Tjalma, Lolke Veenstra, Pieter Kampen
Kaartferkeap Hermien Salverda
Iten en drinken Rose Klijnstra, Aagje de Vries, Reny van Hijum, Jetske de Roos, Dory de Vries, Marianne Klein, Jantsje Veenstra
Publisiteit Miranda Huguenin (alles), Berber de Wit (socials), Meine van der Sluis (webside en Freonen)


Rûnom in foarstelling komt SULT regelmjittig yn krante of op telefysje yn byld.
+ De frijwilligers fan Sult troch de Leeuwarder Courant yn it sintsje setten.
+ Der stiene resinsjes yn it Friesch Dagblad van 1-9-2023 en yn de Leeuwarder Courant.
+ Yn it Bolswarder Nieuwsblad en op LC.nl stiet dit stik oer SULT en ús lêste foarstelling.
+ Tiid fan libjen kaam by Omrop Fryslân yn it programma Op&Ut wiidweidich oan bod. Harkje hjir nei wat Ytsje Hettinga, Jan Eekma en Bart van der Wal oer ús lêste foarstelling fertelle.
+ Yn de Ljouwerter Courant stie freed 4 augustus in wiidweidig ferhaal oer SULT. Lês it hjir as PDF
+ Groot Bolsward-IJsselmeerkust fan 23 juni ropt op om de lêste foarstelling fan Sult mei te fieren. Lês it artikel hjirre…
+ Yn Groot Sneek fan 22 juni stie dit ferhaal.
+ Oer de lêste foarstelling fan SULT, waard Peter Stellingwerf 12 maaie ynterviewd troch it Friesch Dagblad. Lês it ferhaal oer de lêste foarstelling yn dit artikel.

Sels stjoerden wy dizze nijsbrieven nei Freonen en ús nijsbrieflêzers:
+ Nijsbrief 4: “SULT spilet mei “Tiid fan libjen” noch ien kear de stjerren fan ‘e himel. Keapje no jo kaarten.”
+ Nijsbrief 3: “Tiid fan libjen” fan SULT: keapje jo kaarten, want it is hast safier!
+ Nijsbrief 2: “Tiid fan libjen” fan SULT: de ôftraap op lokaasje
+ Nijsbrief oan ús Freonen: SULT har nijste en tagelyk lêste foarstelling hjit “Tiid fan libjen”


Vrijwilligers in zonnetje gezet door Leeuwarder Courant
Resinsje fan de Leeuwarder Courant
Bolswarder Nieuwsblad-LC 30-8-2023
Leeuwarder Courant - oer SULT 4 augustus 2023
Friesch Dagblad 12 mei 2023: nog één voorstelling
Ûntbrekkende siden boek