|
RINOSEROS

Rinoseros fan de Frânske skriuwer Ionesco is mei rjocht absurd te neamen. Yn it stik feroarje minsken yn neushoarns. It is nei de twadde wrâldoarloch skreaun en lit sjen dat minsken yn steat binne ta neat mijend keppelgedrach. Yn de hjoeddeiske en dryste oanpak fan teatergroep SULT stiet de ynfloed fan ynternet yn ús slibben sintraal. De spilers dogge mei in oare identiteit mei oan in kompjûterspul yn in firtuele wrâld. As der lykwols op ûnferklearbere wize in kompjûter op de rin giet, begjint de ferfrjemding. De firtuele identiteit nimt stadichoan de eigen identiteit oer, wêrtroch de spilers gefangen reitsje yn harren eigen spul. Dit hat betiizjende, drigende mar ek hilaryske gefolgen. De foarstellingen binne op 21, 21, 22, 23, 24, 28, 29, en 30 augustus 2008. Lokaasje yn it grûnopslachdepot by it akwadukt yn Wâldsein.
|