FREONEN
Om de kommende jierren produksjes meitsje bliuwe te kinnen, siket SULT freonen. Freonen dy't it wichtich fine dat der produksjes makke wurde sa’t teatergroep SULT dat docht en dat inisjatyf ûnderstreekje wolle troch in jierlikse finansjele stipe. Fansels hat jo stipe ek foardielen. Jo krije dan regelmjittich in Nijsbrief, dêr't jo yn op 'e hichte holden wurde fan alle aktiviteiten fan teatergroep SULT. Jo krije foarrang om kaarten te bestellen. Boppedat krije jo in koarting op de tagongspriis.
|