SERENADE
 Nei krapoan tritich jier giet it iepenloftteater yn Riis wer iepen. It iepenloftteater is ûnderdiel fan “de Teatertún”, in inisjatyf fan túnadviseur Bart van der Wal. Ferline jier is troch Pieter Stellingwerf, mei it teaterprojekt “Sartre yn Starum”, in start makke mei iepenloftteater yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dit jier bringt stifting SULT i.o., yn gearwurking mei stifting ‘De Paupers’, it komyske spektakelstik “Serenade” fan de Poalse skriuwer Slawomir Mrozek. Serenade is in fabel oer in stikmannich hinnen, in hoanne en in foks. As de foks op in jûn ûnder it finster fan it hinnehok ferskynt en in serenade spilet, is it rûnom tumult yn it hinnehok. De hoanne hjit de hinnen gjin acht te slaan op harren aartsfijân. Hjirtroch soene se lykwols net te witten komme, foar wa’t de foks de serenade spilet.
|