DE BLOEDBRULLOFT
Op Skarl spilet “de Bloedbrulloft” fan Frederico Carcia Lorca. In famke sil trouwe mei de soan fan in rike boerinne. Hy is lykwols net de man fan wa’t se hâldt. Har hert giet út nei Leonardo. Har relaasje mei him hat se ferbrutsen omdat hy earm is en har dêrtroch gjin takomst biede kin. As hy lykwols ek op de brulloft ferskynt nimt de twivel oer har krekt ynseinige houlik ta. Wat moat se dwaan? Har sels bedobje yn it libben fan it houlik, of besykje fleurich op te libjen mei alles wat yn harsels bedobbe leit.
|