AJAKS
“Ajaks”, (Sophocles) spilet him ôf op it Murnzer Klif. Ajaks fertelt it ferhaal fan de ûnoerwinlike held en legeroanfierder mei deselde namme. Minne en freze om syn stânfêstigens, striidlust en krekte berekkeningen. Wannear’t er lykwols syn erfguod, -de wapenrêsting fan Achilles- net krijt, sint er op wraak. Ferbittere wegeret er noch langer oan ‘e kriichsdieden tsjin Troje mei te dwaan en lûkt er him werom yn syn tinte.
|