SULT OP SJOU
Dit jier hâldt SULT it lytsskalich mei de produksje “SULT OP SJOU” . De teatergroep komt op fjirtjin plakken yn ‘e Súdwesthoeke op besite. De jûn wurde twa ienakters spile. Ien yn in bus en ien yn in kafee of doarpshûs. Healwei de jûn wikselet it publyk de bus foar it kafee en oarsom. Yn beide stikken, “De man yn ‘e bus” fan Susanne van Lohuizen en “De stille besoarger” fan Harold Pinter, giet it om persoanen dy’t finzen sitte yn harren eigen wrâld. Se wrakselje om de driging dy’t fan bûtenwei op harren ôfkomt te kearen. It publyk makket diel út fan it wrâldsje fan dizze minsken. Minsken dy’t lije ûnder de striid tsjin har eigen fantasy en tinkwize.
|