DUVELSIED
“Duvelsied” fan Tankred Dorst fertelt it ferhaal fan Kening Arthur en de ridders fan ‘e rûne tafel. De striid tusken Merlijn en de duvel is de reade tried yn it stik. Merlijn is de soan fan de duvel. Dizze wol dat Merlijn de minsken leart om net langer bang foar it kwea te wêzen. Merlijn sels lykwols, wol it kwea útbanne troch te stribjen nei lykweardichheid en earlikheid. Dêrom lit er Kening Arthur de tafelrûnte oprjochtsje. Earst liket it dat it Merlijn slagget, mar úteinlik moat er dochs tajaan dat der gjin begjinnensein oan is om it kwea út te bannen. It stik spilet yn Warns.
|