|
KYP KWAIUT
Yn de kamping komeedzje “KYP KWAIUT” fan Mrozek spylje bisten de haadrol. De toeristen binne hinnen, de oarspronklike bewenner is in foks en de biskop is in wolf. Om’t der hieltyd mear toeristen komme, hawwe it grutste part fan de oarspronklike bewenners plak romje moatten. It tal hinnen nimt ta en dêrtroch wurdt it hinnehok aloan foller. Om te soargjen dat it rjocht op rêst, romte en rekreaasje bliuwt, liket útwreiding fan it hinnehok de ienige goede manier te wêzen. Dat is lykwols net mooglik om’t de tichteby wenjende foks net fan syn terrein ôfsjen wol. Hy fjochtet fûl foar syn eigen bestean en bedriget de kamping hieltyd wer. Op harren beurt jeie de kampingsgasten op de foks. It slagget gjin ien fan beide partijen om gelyk te krijen. At de foks de biskop net oertsjûgje kin fan syn gelyk, kidnapt de foks in hoanne om sadwaande de rest fan de kampingsgasten efter him oan te krijen om op dy wize foargoed mei harren ôf te rekkenjen.
|