HINNE EN WER
De lokaasjesfoarstelling, yn ‘e sylkoalle fan Himmelum, ‘HINNE & WER’ bestiet út twa ienakters, dy ‘t tagelyk spile wurde. It iene stik wurdt troch froulju spile, it oare stik troch manlju. De fraach wêr’t wy hinne geane as wy it ierdske ferlitte, komt yn beide foarstellings oan de oarder. Doch geane dizze beide ienakters just oer it libben. De tematyk wurdt op twa folslein ferskillende manieren brocht. It publyk komt letterlik en figuerlik yn is soarte fan tuskenstasjon. It stik “HINNE”, oarspronklike titel “Van drie oude mannetjes die niet dood willen” fan Susanne van Lohuizen, giet oer trije âlde mantsjes dy’t net dea wolle. De mantsjes lizze te sliepen en har snoarkjen is in close harmony fan stimmen. Trije wekkers skilje yn skrille toanen en de mantsjes klaaie harren hastich oan. Der moat wat dien wurde. Dan falt der in brief troch de brievebus, dêr stiet yn, dat it hjoed de lêste die is. Mar de trije mantsjes wolle net dea. It stik ” WER” fan Ytsje Hettinga, giet oer trije froulju dy’t trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wêzen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebrûk fan de tiid dy’t se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wêzen.
|