RÛN RJOCHT
“Rûn Rjocht”, in bewurking fan de Kaukakische Krijtkring fan Bertol Brecht, spilet yn ‘e âld suvelfabryk fan Sint Nyk.” It is in pleit foar leafde en opoffering en slút hielendal oan by de diskusje fan hjoed-de-dei oer leefberens en wurkgelegenheid op it plattelân. Yn in meislepende, muzikale en humoristyske foarstelling is dy aktuele problematyk ferweve mei it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja. Dy kin, troch in traumatyske ûnderfining, fan jongs ôf oan net prate. At der yn it lân in wiksel fan de macht ta stân komt, wurdt har heit fermoarde en flechtet har mem sûnder Gaja. De tsjinstfaam Frouck nimt de noed foar Gaja op har, mei alles wat dêr efter wei komt. As in oantal jierren letter, yn fredestiid, de mem oanspraak makket op it âlderskip en it erfrjocht, komt it ta in rjochtsaak. Yn dy rjochtsaak rint it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja, syngroan mei de diskusje oer it plattelân fan hjoed-de-dei. Yn in opskuor jaande en ûnferjitlike rjochtsaak, wurdt der in antwurd socht op de fraach wa’t de úteinlike sizzenskip oer Gaja en dêrmei oer de grûn krije sil.
|