|
MEM
Teatergroep SULT stiet fan 't jier yn Snits! Fan heal septimber ôf binne we ûnderdak yn de busgaraazje fan NoordNed. Dêr sil de produksje MEM foar it fuotljocht brocht wurde; in SULTgriemmank fan it stik 'Moerder3logie' fan Rob de Graaf en de semy-dokumintêre 'Memmejong' makke troch de teatergroep sels. Rob de Graaf is in hjoeddeiske skriuwer en hat in grut tal toaniel en teaterstikken op syn namme stean. Syn styl is konfrontearend mar seker net sûnder humor. Besikers fan MEM kinne foar de foarstelling en yn it skoft telâne op de Memmemerke. Memmejong Yn dizze semy-dokumintêre sjogge we treie froulju dy't op harren wize mei it memwêzen wrakselje. De ien fangt letterlik de klappen op troch't se tusken man en soan ynstiet. De oare wol út noch yn gjin bern ha om't har heit har in freeslike jeugd besoarge hat. De tredde wie al jong swier, mar moast it bern ôfstean. As in jong famke yn it doarp itselde oerkomt, komt har ferline tichterby as ea. Memme3logie Trije manlju, bussjauffeurs, krije praat oer memmen, harren memmen. Alles komt op'e tafel: lykje ik op mem, bin ik miskien ús mem, is mem miskien my, wat fyn ik fan mem en wat fynt mem fan my? 3 mannen, 3 memmen, memme3logie
|